<< ePub Ede Staal - Edes Toal Boekje
Ede Staal - Edes Toal Boekje
This spotter is already whitelisted
Category Image
FormatePub
SourceScan
GenreCover
TypeBook
Date 1 decade, 1 year
Size 58.86 MB
 
Website http://fy.wikipedia.org/wiki/Ede_Staal
 
Sender KarelKeilBout (Vw8HZw)            
Tag KarelKeilBout        
 
Searchengine Search
NZB NZB
 
Number of spamreports

Post Description

Het taalboekje van ede staal alleen afbeeldingen

Ede Ulfert Staal (Warffum, 2 augustus 1941 - Delfsyl, 22 july 1986) wie learaar Ingelsk en it meast ferneamd as Grinzer sjonger en dichter.

Ede waard yn 1981 ûntdutsen troch in meiwurker fan Radio Noord, Engbert Gruben dy't al gau yn'e rekken hie dat Ede wat bysûnders wie. Yn 1982 waard Mien Toentje de werkenningsmelodij fan in tûnkersrubryk op Radio Noord. It grappige ferske waard tige populêr en al gau waard Ede dé folksjonger fan Grinslân mei Engbert Gruben as grutste fan. Der kamen in protte oanfragen foar optredens mar dêr gie Ede komselden op yn. Yn 1984 kaam der in plaatsje út mei fjouwer ferskes mei de namme: Man, man, man, wat 'n boudel. Syn seldsume optredens wiene in grut sukses.

Yn desimber 1984 kaam Ede's earste LP út, mei tolfe Grinzer ferskes. De plaat mei de titel Mien Toentje wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris 1985 moast Staal in swiere operaasje ûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin 1986 krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma Sloaperstil. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd Toal en Taiken.

Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal maachkanker hie. Op 22 july 1986 is hy ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn buorkerij oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.

Op 4 oktober 1986 kaam postuum syn twadde LP "As vaaier woorden" út. Staal hie yn de lêste moannen fan syn libben noch in belangryk part yn de tariedings.

Syn muzyk waard lanlik en ynternasjonaal bekend trochdat inkele nûmers te hearren wiene yn de film De Poolse bruid. Yn 2001 waard yn Delfsyl in stânbyld fan de folksjonger ûntbleate mei de tekst fan it liet "Credo - Mien bestoan".
It monumint foar Ede Staal yn Delfsyl

Ik wait, der is 'n tied van komen,
En ook 'n tied van goan,
En alles wat doar tussen ligt,
Ja, dat is mien bestoan

Ede Staal, Credo - Mien bestoan

Diskografy

Het het nog nooit zo donker west
I'm in the blues (single, Phonogram, Philips 6012 391, 1973)
Mien Toentje (Mollebone Music, CD EKS 1284, 1984)
As vaaier woorden (Mollebone Music, CD EKS 1086, 1986)
Zuzooien op zundagmörn (3CD; Mollebone Music, CD EKS 1293-1/2/3, 1993, mei tekstboek)
Hear my song - as 't boeten störmt (2CD; Mollebone Music, CD EKS 1096-1/2,1996)
Zalstoe aaltied bie mie blieven (cd-single, MAURA MUSIC 1997 MM 025, 1997)
I'm in the blues (cd-single, JAZ MUSIC JAZ 2021, 2005)
Doarom zing ik (CD; JAZ MUSIC JAZ 192540, 2005)

Comments # 0